Teammanager
Over deze vacature
Fakatueres
Fakatuere
gemiddeld 36 oeren wyks
Omrop Fryslân makket ferhalen dy't ynformearje, ynspirearje en amusearje.Dêrmei ferbynt en ferriket de Omrop elkenien dy't him of har mei Fryslân ferbûn fielt.
Omrop Fryslân siket in ferbinende en ynspirearjende Teammanager Mediadesk Redaksje
Omrop Fryslân is dé regionale Omrop fan Fryslân. Mei ús entûsjaste teams bringe wy alle dagen it lêste nijs, reportaazjes, eftergrûnen en ferdivedaasje.
As teammanager Mediadesk stiest oan it roer fan de distribúsje fan ús sjoernalistike ynhâld. Do soargest derfoar dat ús ferhalen it publyk berikke fia de kanalen dêr't Omrop Fryslân aktyf is: web, app, sosjale media, radio en telefyzje. Do liedst it team dat bepaalt wêr, wannear en op hokker manier ynhâld publisearre wurdt. Sa krijt elk ferhaal de foarm en it platfoarm dat it bêste past by de doelgroep. Do hast each foar de ferskillen tusken de kanalen en witst hoe'tst ynhâld optimaal presintearje en ferspriede kinst. Do bist binnen de redaksje de skeakel tusken strategy en praktyk. Do joust rjochting, romte en enerzjy oan ien of mear redaksjeteams en soargest derfoar dat ús ferhalen relevant, betrouber en fernijend bliuwe. Do makkest diel út fan it redaksje-MT ûnder lieding fan de haadredakteur en setst de sjoernalistike fisy fan Omrop Fryslân oer nei konkrete plannen, produksjes en resultaten. Dyn rol • joust lieding, ynspiraasje en coaching oan dyn team; • soargest foar in feilige, iepen en stimulearjende wurkomjouwing; • hâldst de kwaliteit, ûnôfhinklikens en impact fan ús ynhâld heech; • setst yn op fernijing: fan fertelfoarmen oant it brûken fan data en AI; • bist ferantwurdlik foar planning, prioriteiten en budzjet; • tinkst mei op strategysk nivo, advisearrest de haadredakteur en bist lid fan it redaksjonele MT. Dyn taken • ferbynst strategy mei de deistige redaksjepraktyk; • stimulearrest eksperiminten en kreative fertelfoarmen (audio, fideo, digitaal, AI); • brûkst publyksdata en ynsic...
Ontdek gerelateerde vacatures
Soortgelijke banen
Bekijk alle soortgelijke vacaturesGZ-Psycholoog
Versmedewerker Groente & Fruit
Operator
Winkelmedewerker
Fullstack Developer Java/Angular (Geen ZZP)
Coördinator Educatie
Veelgestelde vragen
Hoe solliciteer ik op deze vacature?
Open de oorspronkelijke bronpagina en neem daar contact op met de werkgever. Finder rekent werkzoekenden nooit iets.
Zijn deze vacatures actueel?
Ja. Finder vernieuwt regelmatig vacatures uit openbare bronnen en verwijdert gesloten aanbiedingen.
Waar kan ik het soort dienstverband en de werkvorm zien?
De belangrijkste voorwaarden vindt u boven de beschrijving. U kunt ook gerelateerde vermeldingen openen voor Werkgever niet bekendgemaakt en Leeuwarden.